FNV: WMO te hastich ynfierd

24 okt 2006 - 11:02

It fakbûn FNV stjoert in brânbrief oan de acht gemeenten yn Noardwest-Fryslân oer de oanbesteging fan de thússoarch. Troch de oanbesteging fan de thússoarch driigje 400 meiwurkers fan thússoarch Het Friese Land har wurk te ferliezen.

De gemeenten hawwe de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning te hastich en ûnsoarchfâldich ynfierd, fynt it fakbûn. De gefolgen binne ûnakseptabel, fynt it FNV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)