Boargemaster moat sunich oan

© Omrop Fryslân
Boargemaster Albert de Hoop fan Amelân soe de hân op de knip hâlde moatte by de ferbouwing fan syn amtswente. Dat fine alteast de PvdA en Algemeen Belang Ameland. De ferbouwing fan de wente op it dún by Nes mei fan harren net mear as 35.000 euro kostje. It foarstel helle it lykwols net.
Amelân hat in begruttingstekoart en ferheget derom de toeristebelesting. De Amelanners sels betelje 10 persint mear OZB.