Cambuur wint fan GA Eagles

23 okt 2006 - 22:11

Cambuur Ljouwert hat justerjûn yn it eigen stadion de tredde oerwinning fan it seizoen helle. Go Ahead Eagles waard mei 3-1 ferslein.

By it skoft wie it noch 1-0 troch in doelpunt fan Jeroen Ketting. Yn de twadde helte ferdûbele René van der Weij de stân, foardat Go Ahead Eagles wat werom die. Ketting makke oan alle spanning in ein mei syn twadde goal. Cambuur stiet no op it 16e plak mei 12 punten út 13 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)