Keamerfragen SP oer thússoarch

De SP nimt it op foar de wurkers yn de thússoarch. It Twadde Keamerlid sil kommende tongersdei fragen stelle oan de steatssekretaris. Yn de thússoarch sektor is in soad ûnrêst ûntstien fanwege de ynfiering fan de nije wet WMO.
Troch in nije iepenbiere oanbesteging driigje tûzenden meiwurkers dien te krijen. Tiisdei demonstearje meiwurkers fan It Friese Land yn Den Haach tsjin de nije wet WMO.