"Friezen moatte Afrika helpe"

23 okt 2006 - 16:43

Friezen moatte meihelpe by it opsetten fan in syktekostefersekering foar Afrikanen. Dat fynt stifting Farm Friends, dy't al hast tsien jier boeren yn Tanzania stipet. Dat giet sa goed dat der nije projekten betocht wurde moatte.

Moandei brocht minister Van Ardenne fan ûntwikkelingsgearwurking in besite oan Farm Fiends. Foar de stifting wie de besite in kroan op it wurk fan de ôfrûne jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)