Strontrace wer begûn

23 okt 2006 - 14:18

Yn Warkum is moandeitemoarn de ferneamde Strontrace wer fan start gien. Dizze sylwedstryd tusken skûtsjes giet fan Warkum nei Warmond en werom. Yn totaal dogge santich skippen mei oan trije ferskillende wedstriden. Fanwege de tsjinwyn moasten de boaten nei de Iselmar ta lutsen wurde. It is de 33e kear dat de strontrace hâlden wurdt. Ferline jier wie de winner sa'n twaëninheale dei ûnderweis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)