Noed oer thússoarch

23 okt 2006 - 13:05

Zorgbelang Fryslân is benaud dat de kwaliteit fan de hûshâldlike thúshelp yn Noardwest Fryslân takom jier minder wurdt. Acht gemeenten ha besletten om it kontrakt foar hûshâldlik help mei thússoarch Het Friese Land op te sizzen. It wurk wurdt tenei útfierd troch goedkeapere organisaasjes.

It pasjinteplatfoarm betwivelet oft goedkeapere help ek betsjut dat de soarch better wurdt. Zorgbelang wol de ûntjouwingen kritysk folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)