"Lucht op skoallen net sûn"
Noardlike sûnenstsjinsten komme yn aksje tsjin de smoarge lucht op skoallen. Alle jierren wurde tûzenen bern en dosinten siik fan de lucht dy't se binnenkrije yn de klasse.
Ynfeksjesykten en allergyen kinne har gau ferspriede, om't der in soad minsken op in lyts oerflakte sitte. Dosinten moatte dêrom de ruten en roasters better brûke. Ek soe der ynvesteard wurde moatte yn goede fentilaasjesystemen.