Ferfanging spoar begûn

Prorail is moandei begûn mei it ferfangen fan it spoar tusken Dronryp en Deinum. Der komme betonnen bylzen ynstee fan de houten eksimplaren. Ek wurde it grint en de rails ferfongen.
De hiele hjerstfakânsje ride der dêrom gjin treinen tusken Ljouwert en Harns. Arriva set spesjale bussen yn om reizgers te ferfieren. Prorail hat der bewust foar keazen om it wurk yn de fakânsje te dwaan om't der dan minder wurknimmers en skoalbern reizgje.