Hearrenfean wint fan Grins: 4-2

22 okt 2006 - 16:40

De noardlike derby tusken SC Hearrenfean en FC Grins is mei 4-2 wûn troch Hearrenfean. Man fan de wedstriid wie Afonso Alves, hy makke trije doelpunten. Yn de earste helte soarge Alves foar in 1-0 foarsprong.

Yn de twadde helte soargen Rob Friend en Alves (twa kear) foar in 4-0 foarsprong. Levchenko makke foar de Grinzers yn de lêste minuten noch twa doelpunten, mar de winst bleau yn it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)