Iepen fraksje FNP Wymbrits

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de FNP yn de gemeente Wymbritseradiel hâldt woansdei 25 oktober in saneamde iepen fraksje. Dat is in byienkomst wêrby't alle ynwenners fan de gemeente meiprate kinne oer bygelyks it ûnderhâld fan de diken of hoe't de gemeente omgiet mei de ynset fan frijwilligers.
Wichtichste punt dat behannele wurdt is de fraach oft de gemeente Wymbrits opdoekt wurde kin. Doel fan dizze jûn is om tichter by de boarger te kommen.