Minder stjoertiid foar The Box

De Fryske rapper Remon de Jong is net bliid mei de ferhuzing fan de stjoerder Nickelodeon nei it kanaal fan muzykstjoerder The Box. Troch de ferhuzing krijt The Box minder stjoertiid.
Fideoklips binne fan 1 desimber ôf allinne noch mar nei midsnacht te sjen. Neffens De Jong giet dit ten koste fan it Fryske muzikale talint. In Fryske muzykklip komt yn de regel earder op The Box as op MTV of TMF.