Boalsert wol gau park opknappe

22 okt 2006 - 12:20

De renovaasje fan it Julianapark yn Boalsert pakt folle djoerder út as tocht. De gemeente hat in tekoart fan 174.000 euro. Der wiene al hiel lang plannen foar in opknapbeurt, mar dy ha flinke fertraging oprûn.

De gemeente hat no al wat oan it besunigjen west, mar noch altyd is der mear as 100.000 euro te min. De gemeente wol noch mei faasje oan de slach. Wichtige subsydzjes komme oars te ferfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)