Dryske bêste merje

21 okt 2006 - 17:27

It hynder Dryske fan de Slachtedyk fan fokker Van der Wal fan Boazum is sneon algemien kampioen wurden fan de Sintrale merjekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek yn Ljouwert. Yn it WTC Expo waarden 180 hynders yn ferskate rubriken keurd.

It gie om de bêste Fryske merjes fan 'e wrâld. Der wiene merjes út Nederlân, mar ek út België, Dútslân, Frankryk en Skandinavië. Ien hynder waard sels oerflein út Amearika wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)