Teloarstellende feilingopbringst

© Omrop Fryslân
De opbringst fan de earste keunstfeiling fan de stichting Rijk voor Arm yn Ljouwert is sneon frijwat ôffallen. De organisaasje hie rekkene op sa'n sechtich besikers, mar der kamen mar fyftjin. De opbringst wie 530 euro.
It jild is ornearre foar projekten foar kânsearme bern yn Ljouwert. Der wiene tritich keunstwurken beskikber steld troch keunstners. Mar de helte fan de wurken is ferkocht.