Aksje foar banen Friese Land

Meiwurkers fan Thússoarch Het Friese Land ha sneon aksjefierd yn Harns. Se protestearren tsjin it driigjende ûntslach fan 185 meiwurkers fan de húshâldlike help. It Friese Land rekket wurk yn Noardwest Fryslan kwyt oan seis oare organisaasjes, omdat dy goedkeaper wurkje kinne.
Sa'n fyftich minsken diene mei oan de aksje. Mei it protest woene se sjen litte dat se efter har direkteur steane.