Wer brantsje op de Jouwer

21 okt 2006 - 14:20

Op De Jouwer hat freedtenacht wer brân west. Oan de Seewei wie in bankje yn de brân stutsen. De plysje hat seis jongeren fan 14 oant 17 jier oanhâlden. Sy stiene yn de buert fan de bank en binne nei ferhoar wer frijlitten.

De Jouwer hat de lêste moannen in soad te meitsjen mei brantsjes. Faak wurde konifearehagen yn de brân stutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)