"Foarearst gjin weryndieling"

21 okt 2006 - 13:13

Gemeenten yn Fryslân hoege har foarearst gjin soargen te meitsjen oer in weryndieling. Dat sei minister Remkes fan Ynlânske Saken freedtejûn op in gearkomste yn Wolvegea.

Gemeentlike weryndieling is in grutte winsk fan deputearre Jan Ploeg. Mar minister Remkes sjocht dêr op dit stuit de needsaak net fan yn. Neffens him leit de prioriteit foarearst by gemeenten yn de Rânestêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)