Doarp bout eigen soarchhûs
Yn Nijehoarne binne freed tweintich nije soarchapparteminten iepene. Yn it kompleks wenje âlderen en minsken mei in beheining. Foar de bewenners is alle oeren fan 'e dei ferpleging beskikber.
De feriening Tussen Tjonger en Compangnonsvaart hat de bou mooglik makke. Dêryn sitte ynwenners fan 'e doarpen Nije- en Aldehoarne. Yn 'e takomst wol de groep nochris tweintich soarchapparteminten yn it doarp hawwe.