Planetarium krijt de romte

It Planetarium yn Frjentsjer hat in nije oplossing fûn foar de krapte oan romte. Earder wiene der plannen om de Rabobank by it museum te lûken. Mar dat gie net troch.
De direksje fan it Planetarium wol no de njonkenlizzende teeskinkerij as ekstra romte hiere. Dy komt frij omdat de eigners dermei ophâlde. Yn it gebou wurdt romte makke foar eksposysjes en fideo's. Wat der mei it gebou fan de Rabobank bart, is noch net bekend.