Fryske kranten komme letter

21 okt 2006 - 08:45

Yn grutte dielen fan Fryslân komme de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad sneon letter yn 'e bus as oars. Dat komt troch in technyske steuring by de Ljouwerter Krante. De LC is twa oeren letter klear as oars.

Sûnt begjin dit jier wurde it Friesch Dagblad en de Ljouwerter Krante mei deselde auto's fuortbrocht. De problemen by de Ljouwerter Krante ha dêrom ek ynfloed op de besoarging fan it Friesch Dagblad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)