Hongerstaking Irakezen foarby

21 okt 2006 - 08:31

De hongerstaking yn it asylsikerssintrum fan Appelskea is nei in dei al wer foarby. De fjouwer Irakese inisjatyfnimmers hawwe har aksje freedtemiddei be-einige. Se wiene tongersdei begûn en krigen stipe fan fjirtich sympatisanten.

De hongerstakers woene witte wêrom't alle Irakezen weromstjoerd wurde nei it eigen lân. Earder krigen se automatysk in posityf advys oer in ferbliuwsstatus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)