Remkes: drinkende jeugd oanpakke

Minister Remkes fan Ynlânske Saken wol it de jeugd minder maklik meitsje drank te keapjen, sei er freed yn Wolvegea. Sa soe in supermerk gjin Breezers mear ferkeapje moatte. Remkes wol jeugddrankmisbrûk beheine troch de drank- en hoarekawet oan te passen.
It drinkgedrach fan de jeugd jout in soad oerlêst en it is net goed foar de sûnens. Gemeenten moatte ek it foech krije fergunnings fan hoarekasaken yn te lûken.