Boubedriuw Boerum fallyt

© Omrop Fryslân
It boubedriuw Van der Molen út Boerum is troch de rjochtbank fan Ljouwert fallyt ferklearre. By it bedriuw, dat al goed 100 jier bestiet, wurkje 15 minsken. It bedriuw is spesjalisearre yn it bouwen en ferbouwen fan wenten.
Op dit stuit rint der noch in renovaasjeprojekt fan in boerepleats yn Grypstjerk. De direksje wol foarearst net reagearje op it fallissemint.