Aksje meiwurkers Friese Land

20 okt 2006 - 15:14

Meiwurkers fan thússoarchorganisaasje Het Friese Land sille sneon yn Harns ludyk aksje fiere. Op hokker wize dat barre sil is noch net bekend. De aksje wurdt holden yn ferbân mei it feit dat goed 180 minsken by it Friese Land harren baan kwyt driigje te reitsjen.

Acht Fryske gemeenten hawwe keazen foar seis goedkeapere oanbieders. De meiwurkers sille yn Harns mei elkoar prate oer de ûnstiene situaasje en se sille minsken op strjitte ynformearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)