Jonges mei drugs oanholden

20 okt 2006 - 14:41

De plysje hat tongersdei yn Hjerbeam in 16-jierrige ynwenner fan de gemeente Frjentsjerteradiel oanholden om't er softdrugs by him hie. De jonge makke diel út fan in groepke jongeren. Op it momint dat se de plysje seagen naaiden se út. Se lieten doe inkele pûdsjes mei softdrugs achter.

It groepke wie gau achterhelle. Ien jonge (15) hie ien pûdsje by him en krige in bekeuring. De 16-jierrige hie fiif pûdsjes en moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)