Den Haach komt ôfspraak net nei

Den Haach hâldt him net oan syn wurd. Dat stelt deputearre Bijman neidat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat besletten hat de seedyk op It Amelân net te ferlizzen rjochting de see. Bijman hie earder dêr in tasizzing oer krigen fan steatssikretaris Schulz.
Tongersdei die bliken dat it ministearje de wetterkearing op it eilân op it hjoeddeiske plak hâlde wol. In soad fakânsjehúskes en in camping bliuwe dan bûten de dyk lizzen.