Van der Mei wint ZZ-springen

© Omrop Fryslân
Amazone Nathalie van der Mei fan Makkingea hat freedtemoarn by it Indoor Fryslân it springen yn de ZZ-klasse wûn. Yn de barraazje liet se Folkert Kelderman en Rianty Zwart efter har.
Van der Mei die yn it ferline ek wol mei oan de Grutte Priis mar dat siet der dit jier net yn. Dêrtroch begûn se mei it hynder 'Heechhiem's Springtime' wol as favoryt yn de ZZ-klasse. Se makke har favorytenrol dus wier.