Prager trije wike útskeakele

20 okt 2006 - 12:04

Hearrenfeanspiler Thomas Prager is yn alle gefallen trije wike útskeakele. De Eastenriker kaam tongersdei yn it UEFA Cup duel mei Osasuna yn botsing mei Milosevic. De middenfjilder moast nei in heal oere spyljen nei de kant, omdat hy syn knibbel ferdraaide.

Fierder is it ek noch net wis oft Paul Bosvelt meidocht yn it duel no snein tsjin FC Grins. Bosvelt is noch herstellende fan in gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)