Mariska Kramer rint Iron Man

© Omrop Fryslân
Sneon is op Hawaii de saneamde Iron Man triathlon. Dizze Iron Man is de grutste en belangrykste triatlon fan de wrâld. Atlete Mariska Kramer fan Drachten docht foar de tredde kear mei oan dizze Iron Man triathlon. Mar fan har meie gjin grutte prestaasjes ferwachte wurde.
Kramer hat dit seizoen in protte blessuereleed hân. En dêr kaam twa wiken ferlyn ek noch ris in sikehûsopname by.