Partikulier thússoarchburo

20 okt 2006 - 11:27

Thússoarch Het Friese Land kin mooglik dochs guon klanten behâlde yn de acht Fryske gemeenten dy't kieze foar seis goedkeapere oanbieders fan thússoarch. Het Friese Land begjint in partikulier thússoarchburo dat bemiddelet tusken klanten en thússoargers.

De klanten fan Het Friese Land kinne ek yndividueel bepale hokker organisaasje en hokker minsken der by har oer de flier komme. Se ha dêrfoar rjocht op in persoansbûn budzjet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)