Gemeente wol minder sportfjilden

20 okt 2006 - 10:10

Achtkarspelen sil wiidweidich ûndersyk dwaan nei in effisjinter gebrûk fan de sportakkommodaasjes yn de gemeente. Neffens wethâlder Stellinga binne de sportfjilden te djoer. Op tal fan plakken binne te folle fuotbalfjilden, tennisbanen en kuorbalfjilden.

Dat docht bliken út in saneamde quick- scan dy't yntusken west hat. Oanjûn is om de sportkompleksen yn Droegeham en Twizel te sluten. FNP en PvdA binne min te sprekken oer dizze konklúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)