Jild foar Fryske ensyklopedy

© Omrop Fryslân
De finansiering foar in nije Fryske ensyklopedy is hast rûn. Meiinoar is in bedrach fan oardel euro nedich. It jild wurdt ynsammele troch de stifting nieuwe Encyclopedie van Fryslân.
It projekt is yn hannen fan Meindert en Klazien Schroor. Se binne eigner fan it geografysk en histoarysk ûndersyksburo. De ensyklopedy sil yn twa dielen útjûn wurde. It is net dúdlik wannear't it neislachwurk krekt klear wêze sil.