Asylsikers yn hongerstaking

Fjirtich Iraakse asylsikers út it AZC yn Appelskea binne yn hongerstaking gien. Mei de aksje wolle se dúdlikens krije oer de fraach wêrom oft alle Iraki's werom stjoerd wurde nei har eigen lân. Neffens de oerheid is Irak no feilich genôch om werom te kearen.
De hongerstakers sizze dat sa'n bewearing net folhâlden wurde kin as der eltse dei wer bomoanslaggen plak fine en ûnskuldige minsken fermoarde wurde.