Man (35) oppakt foar oplichting

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei in man (35) oppakt op fertinking fan oplichterij. Der is oanjefte dien troch trije Drintse bedriuwen en in partikulier út Fryslân. De man wie begjin july net weromkaam fan syn wykeinferlof yn de finzenis yn Feanhuzen.
Dêr moat er in straf útsitte fan twa jier en seis moanne, ek yn ferbân mei oplichterij. De rjochter-kommissaris hat tongersdei bepaald dat de man earst 14 dagen fêstholden wurdt.