Alvestêdetocht yn Mongolië

19 okt 2006 - 16:09

De alternative Alvestedetocht wurdt takom jier op in aparte lokaasje hâlden. Mongolië is útkeazen om de tocht te riden. Op it Khovskolmar sil dan op 17 en 18 maart de hûndert kilometer riden wurde.

Dat bart dan yn twa dagen yn plak fan ien, omdat it nei alle gedachten te kâld is en it te hurd waait. Oft de Nederlânske top-maratonriders ek nei Mongolië sille, is net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)