Oentsjerk Sutelplak fan 2006

Oentsjerk is ít Sutelplak fan 2006 wurden. Neffens stifting It Fryske Boek is yn it doarp in prachtich ferkeapresultaat helle. Sa'n 35 minsken ha mei de Sutelaksje oan de doar kroadenfol Fryske boeken ferkocht.
Toppers wiene de nijste boeken fan Johan Veenstra, Wieke de Haan en Hylke Speerstra. By de berneboeken foelen it Aksjeboek foar bern, Tomke yn 'e bistetún, Myn earste Fryske Van Dale en Oekebakkeboem tige yn de smaak.