Noch gjin beslút sintrale Harns

De gemeente Frjentsjerteradiel doart noch gjin definityf beslút te nimmen oer de mooglike komst fan in reststoffe-enerzjysintrale (REC) nei Harns. B&W yn dy gemeente fine dat der earst in helberensûndersyk komme moat.
Fierder moat sjoen wurde oft it wol logysk is om by besteande inisjativen oan te sluten. De gemeente tinkt dêrby oan it sâltfabryk yn Harns. De enerzjysintrale soe stoom leverje kinne oan it fabryk.