Nije spiler by Vadeko Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyklub Vadeko Flyers hat in nije spiler oanlutsen. It giet om de Kanadees Corey Sabourin. Hy fersterket de ferdigening fan de klub fan It Hearrenfean. Dy wie mei Don Nichols en Justin Bekkering noch net folslein beset.
De 25-jierrige Sabourin spile de ôfrûne jierren yn de Kanadeeske kompetysje foar universiteiten. De iishockeyploech wol ek noch in ekstra ferdigener en in oanfaller oanlûke.