Fans lilk oer hotel Pamplona

19 okt 2006 - 13:21

De meireizge supporters fan SC Hearrenfean binne lilk oer it hotel dêr't se sitte yn it Spaanske Pamplona. Dat hotel stiet yn in bûtenwyk fier fan it stadion. Boppedat sit der yn it hotel gjin bar.

De hotels yn it sintrum sitte fol fanwege in kongres. De supporters ha de tasizzing fan SC Hearrenfean krigen dat de opfang by de wedstriid op 23 novimber yn Parma wol wer yn it sintrum wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)