Oername Friese Land troch Palet?

19 okt 2006 - 12:32

Soarchgroep Palet wol mei thússoarch it Friese Land prate oer de oername fan klanten en personiel yn Noardwest- Fryslân. 185 meiwurkers fan it Friese Land dy't húshâldlike soarch dogge, reitsje har baan kwyt.

Dit om't acht gemeenten yn Noardwest- Fryslân it kontrakt mei de organisaasje opsein ha. Sy ha keazen foar seis oare soarchoanbieders. Palet hat no sa'n 100 klanten yn Noardwest- Fryslân foar húshâldlike help.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)