Mear stipe foar Snitser sporters

© Omrop Fryslân
Sporters yn de omjouwing fan Snits kinne no mear begelieding krije. It sûnenssintrum De Wetterpoarte yn Snits sil nammentlik gearwurkje mei it Olympysk stipepunt fan NOC-NSF.
It giet om begelieding op it medysk flak. Dêrby kin tocht wurde oan fysioterapy, ortopedy, treningen, ensfh. Op De Westerein en It Hearrenfean is no ek in plak dêr't sporters begelieding krije kinne fia it NOC-NSF.