Suster net werom yn kleaster

19 okt 2006 - 11:17

In kleasteroarder yn Amersfoort hoecht in 75-jierrige frou út Wier net wer ûnderdak te jaan. Dat hat de rjochter bepaald. De frou, suster Leontia, waard yn 1970 fuortstjoerd by de kleasteroarder, mar hat sûnt dy tiid besocht dêr wer in plakje te krijen.

Neffens de rjochter is it fersyk fan de frou yntusken te lang lyn en is de saak ferjierre. Ek fynt de rjochter dat der gjin flaters makke binne by it fuortstjoeren fan de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)