'Meibetelje oan drugsopfang'

© Omrop Fryslân
De VVD yn Ljouwert fynt dat omlizzende gemeenten meibetelje moatte oan it nije punt foar heroïneferstrekking yn Ljouwert. De VVD fynt dat, omdat ferslaafden út omlizzende gemeenten ek by it punt oanklopje kinne foar help.
De partij is benaud dat Ljouwert foar de kosten opdraait. De VVD is tsjin de troch it kolleezje foarstelde lokaasje oan it Súdfliet. It ferslaafdepunt giet neffens de partij yn tsjin inisjativen om de wyk te ferbetterjen.