Manlju oppakt foar drugshannel

19 okt 2006 - 10:18

De plysje hat woansdeitejûn yn Mantgum twa manlju oanholden op fertinking fan drugshannel. By in kontrôle seach de plysje dat der yn de auto fan de manlju in pear joints leinen.

De 24-jierrige Grouster en de 21-jierrige Ljouwerter waarden dêrop fûljearre. Se hiene ferskate wikkels mei dêryn harddrugs by har. De plysje hat de beide manlju oanholden. Se sitte noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)