'Fakatuerestop noch net begûn'

It CDA yn de Steaten is benaud dat de besuniging fan 10 miljoen op de provinsjale organisaasje net helle wurdt. By it fêststellen fan de besuniging ein ferline jier is besluten dat dy ûnder oare helle wurde moat mei in fakatuerestop.
Neffens it CDA is dy fakatuerestop noch net begûn. It gefolch dêrfan soe wêze kinne dat der op termyn twongen ûntslaggen falle. Dat wylst ôfpraat is dat twongen ûntslaggen der net komme.