Gearkomste referindum-ûndersyk

Guon konklúzjes yn in ûnôfhinklik ûndersyk nei it Saailân-referindum yn Ljouwert, binne te koart troch de bocht. Dat sei de kommisje dy't it referindum fan 24 maaie mei- organisearre woansdei op in gearkomste.
In mearderheid wie tsjin de ferhuzing fan it Fries Museum nei it Saailân, mar de kiesdrompel waard net helle. Der soe in flater makke wêze troch twa yn plak fan ien fraach te stellen. Dêr is de kommisje it net mei iens.