Keunstwurk Eisinga yn Frjentsjer

19 okt 2006 - 09:47

Eise Eisinga hat in nij plakje krigen yn it hert fan Frjentsjer. Woansdeitemiddei is in nij keunstwurk mei in plakette en de holle fan de amateur-astronoom pleatst op 'e brêge tsjinoer it Planetarium.

De holle is makke fan stien. It komt fan it âlde byld dat oant it begjin fan de 20e ieu op de Breedeplaats yn Frjentsjer stie. Om de holle hinne is op glês it planetestelsel ôfbylde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)