'Bloedbad' troch merkwurking

De merkwurking yn de soarch soarget foar in bloedbad yn de thússoarch. Dat seit FNV Zorg. By thússoarch it Friese Land reitsje 185 minsken harren baan kwyt omdat de acht gemeenten yn Noardwest Fryslân de thússoarch oan oare oanbieders oanbestege ha.
Gemeenten meie no sels de goedkeapste oanbieder útsykje en yn Noardwest Fryslân wie dat dus net it Friese Land. Ek foar 400 alfa-hulpen is gjin wurk mear.