Acht nije spilers by Osasuna

© Omrop Fryslân
Trener Ziganda fan Osasuna stelt tongersdei tsjin SC Hearrenfean acht nije spilers op, yn ferliking mei de ploech dêr't er snein mei tsjin Racing Santander spile. Ek de keeper is nij, hy sil syn debút meitsje.
SC Hearrenfean spilet tongersdei yn Iruñea/Pamplona de earste wedstriid yn de poolfase fan it Uefa Cuptoernoai. By Hearrenfean is de iennichste fraach of Paul Bosvelt spylje kin. Dy knoop wurdt tongersdei trochhakt.